Swimfun op De Jouwer lit gjin nije swimbadgasten mear ta

02 maaie 2019 - 12:39

Swimbad Swimfun op De Jouwer ropt minsken op om net mear nei it swimbad te kommen. It is tongersdei sa drok dat fanwege de feiligens der gjin nije besikers mear talitten wurde.

Ek foar de kommende dagen wurdt der in soad drokte ferwachte. Moarns betiid en middeis nei 17.00 oere is it it minst drok.

It subtropysk swimbad lûkt sa'n 200.000 besikers yn it jier en is dêrmei ien fan de grutste attraksjes fan Fryslân.

Trefwurden: 
De Jouwer Swimfun swimbad
(advertinsje)
(advertinsje)