Problemen op it spoar by Zwolle binne wer oplost

It treinferkear tusken de stasjons Zwolle - Meppel en Fryslân is wer normaal. Dat meldt ProRail. Woansdei wie der in grutte steuring dy't hûnderten minsken trof. Sy strânen yn Zwolle en ha oeren wachte foardat se fierder reizgje koene.
Treinperron yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Der waarden bussen ynsetten en woansdeitejûn om healwei alven hinne hie ProRail in tydlike oplossing klear, sadat der wer wat treinen ride koene. Dat koe doe noch net neffens de normale tsjinstregeling.
De wikselsteuring waard feroarsake troch in stikkene ûndergrûnske kabel. Der waard earst in tydlike reparaasje útfierd. ProRail hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei wurke oan in definitive oplossing en dat is slagge.
Neffens in wurdfierder wie it in útsûnderlik grutte steuring. "Het treinverkeer tussen Zwolle en Meppel is op zich heel betrouwbaar. 91% van de treinen rijdt stipt op tijd op dat traject."

Knooppunt

It stasjon yn Zwolle is in knooppunt. Alle treinlinen út it Easten en Noarden komme dêr by elkoar. As der dan in probleem is, hat dat daliks grutte gefolgen. Neffens ProRail is dat ek de reden dat der no wurke wurdt oan it spoar by Zwolle.
Der komt in ûngelikense krusing, sadat treinen dy't nei it noarden gean, net mear oer itselde spoar hoege as de treinen dy't nei it easten gean. "We proberen de verschillende trajecten zoveel mogelijk te scheiden, zodat er bij problemen maar een beperkte groep reizigers gedupeerd wordt", sa sei de wurdfierder.