Aksjegroep stapt nei Ried fan Steat fanwege Kallemooihoanne

It Comité Dierennoodhulp stapt nei de Ried fan Steat om it gebrûk fan in hoanne yn in koai op it Kallemooifeest op Skiermûntseach tsjin te hâlden. De aksjegroep fynt dat bistemishanneling.
© Omrop Fryslân
It Comité focht de fergunning fan de gemeente earder ek al oan by de rjochtbank, mar krige dêr gjin gelyk yn. De rjochtbank yn Grins oardiele dat der goed genôch op de hoanne past wurdt en dat der dêrom gjin sprake is fan bistemishanneling.
Comité Dierennoodhulp is it dêr net mei iens en stapt no nei de heechste rjochter.