Argyf Drachtster Courant noch hieltyd net online troch konflikt

02 maaie 2019 - 11:53

"Het is zwaar frustrerend," seit Tiny Derks, foarsitter fan histoaryske stichting Smelne's Erfskip. "Alle edities van de Drachtster Courant zijn al gescand, maar het krantenarchief is nog steeds niet voor iedereen beschikbaar op internet." It plan fan Smelne's Erfskip wie dat alle edysjes tusken 1864-1950 al yn 2018 online komme moasten fia de webside Delpher. Mar troch in konflikt by de Keninklike Biblioteek is dat noch hieltyd net bard.

In Drachtster Courant út it ferline - Foto: Koninklijke Bibliotheek, Delpher

Derks fertelt dat der in konflikt is tusken de Keninklike Biblioteek (de behearder fan de webside Delpher) en it bedriuw dat de âlde kranten scand hat. "Het schijnt dat de kranten al klaar staan, maar het vinkje om ze te plaatsen kan blijkbaar pas gezet worden als de ruzie is bijgelegd," sa seit Derks.

Op dit stuit binne mar 22 edysjes fan de Drachtster Courant te finen op Delpher. Dizze kranten binne lykwols fan 1945 en komme by it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie wei.

Sporadysk berjocht

Derks: "De secretaris van Smelne's Erfskip krijgt maar nauwelijks antwoord van de Koninklijke Bibliotheek. Ze houden de boot af en we krijgen slechts sporadisch informatie, hoewel we veel contact proberen te leggen. Nu zou het krantenarchief in 2019 op internet moeten komen, maar of dat lukt..."

Mei help fan de Keninklike Biblioteek moast it Drachtster kranteargyf al yn 2018 trochsykber wurde op de website Delpher. Dat rint no fertraging op.

Neffens Smelne's Erfskip befetsje de âlde kranten in skat oan histoaryske ynformaasje. De earste edysje (doe noch stavere as 'Dragtster Courant') waard al op 26 maaie 1864 útbrocht troch A. Plantinus.

Feilich bewarje

Yn 2013 is it argyf fan de Drachtster Courant fergees troch NDC Mediagroep oan Smelne's Erfskip jûn. De jierfongen lizze noch by Delpher, mar wurde wierskynlik by Tresoar ûnderbrocht.

"Wij hebben ze destijds uit het gebouw van de krant gehaald, want bezoekers begonnen in de oude krant te knippen voor hun onderzoek. Dat is gelukkig met behulp van Delpher weer zoveel mogelijk hersteld," seit Derks.

It digitalisearjen fan de krante moat de âlde edysjes hielendal foar de takomst feilichstelle.

Op Delpher stean al mear as 1,3 miljoen Nederlânske kranten. Ut Fryslân binne ek ferskate kranten beskikber, ûnder oare de Leeuwarder Courant, Hepkema's Courant en de Heerenveensche Koerier. Dochs is it noch mar in lyts diel, tusken 1752 en 1980 binne der yn Fryslân op syn minst 355 ferskate (wol somtiden mekoar opfolgjende) krantetitels útjûn. Dêr stiet noch mar in fraksje fan online.

(advertinsje)
(advertinsje)