Gemeente Súdwest-Fryslân kampt mei tekoart op jongereinhelp

02 maaie 2019 - 11:35

De gemeente Súdwest-Fryslân hat 2018 ôfsletten mei reade sifers. De jongereinhelp koste mear as begrutte en dêrtroch hat de gemeente in tekoart fan hast 3,4 miljoen euro. Neffens wethâlder Maarten Offinga komt dit net as in ferrassing. In hiel soad gemeenten yn Nederlân soene problemen hawwe trochdat de kosten foar jongereinsoarch tanaam binne.

Foto: BGDD

Ek de kommende jierren ferwachtet Offinga flinke tekoarten op dat budzjet. De Fryske gemeenten hawwe dêrom al mei-inoar oan de bel lutsen yn Den Haag. Se wolle dat der mear jild beskikber komt.

Fakbûnen en meiwurkers stelden minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport dizze wike sels in ultimatum om mei mear jild oer de brêge te kommen.

Tafaller

Njonken dizze ôffaller wie der ek in tafaller. De ôfrûne jierren is der in soad jild binnenkaam troch de saneamde prekariobelesting. Dat giet om belesting op kabels, liedingen en it gasnetwurk dy't yn gemeentegrûn lizze. Dêrtroch is der in bedrach fan 11,5 miljoen euro ynkassearre, dat earst as reserve parkearre is.

Gemeente Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De wethâlder is bliid mei dizze tafaller. It jild is tige wolkom om de kosten ûnder kontrôle te hâlden en om de ambysjes dy't de gemeente hat wier te meitsjen. "We wolle der as gemeente mei trochgean om ús te ûntwikkeljen en fernijen. Hoe't we dat dogge. is oan de gemeenteried."

De ried sil yn maaie en juny prate oer de saneamde Kadernota, dy't rjochting jout foar de begrutting fan 2020.

Dochs in goed jier

Dochs neamt Offinga 2018 in goed jier, omdat de plannen foar Snits, Boalsert en de Iselmarkust hieltyd dúdliker wurde. Dêr binne saneamde 'ontwikkelagenda's' foar fêststeld. Sa sil yn de mande mei provinsje en ministearje it gebiet rûnom de Iselmarkust ûntwikkele en fersterke wurde.

Ek posityf wie it yn gebrûk nimmen fan it Bestjoershûs en de oplevering fan it Súdwesthûs yn Snits, as ûnderdiel fan de sintrale húsfêsting, dy't dit jier syn beslach krije moat. Meardere gebouwen oan de Merkstrjitte yn Snits wurde ferboud, sadat alle gemeentlike tsjinsten dêr har plak krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)