Fytsersbûn makket offisjeel beswier tsjin tichte Ofslútdyk

02 maaie 2019 - 11:07

It Fytsersbûn sil offisjeel beswier meitsje tsjin it ferkearsbeslút om it fytspaad op de Ofslútdyk trije jier lang te sluten. Dizze simmer kinne fytsers en kuierders noch fjouwer kear in snein gebrûk meitsje fan dat paad, mar yn 2020 en 2021 is it paad folslein ticht.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Foarsitter Kees Mourits fan it Fytersbûn neamt dat "tige teloarstellend". Ofrûne woansdei hat it Fytsersbûn tegearre mei Landelijk Fietsplatform en Wandelnet oerlis hân mei Rykswettersteat.

It Fytsersbûn sil no in offisjeel beswierskrift yntsjinje, dat wierskynlik mei ûndertekene wurdt troch Wandelnet en Landelijk Fietsplatform. As it beswier ôfwiisd wurdt, wurde juridyske stappen oerwage, neffens Mourits.

(advertinsje)