Steatsboskbehear yn noed oer de drûchte: foarbylden út Weststellingwerf

02 maaie 2019 - 10:58

De natuer is noch hieltyd fierstene drûch. Steatsbosbehear makket him soargen oer de beammen en kaden yn it feangreidegebiet. Troch it lege grûnwetterpeil, in gefolch fan de drûge simmer fan ferline jier, is de natuer hiel kwetsber. As der net gau wat feroaret dan komt it punt tichtby wêrop bliuwende skea ûntstiet, seit boskwachter Roel Vriesema. De boskwachers hâlde de natuer dan ek sekuer yn de gaten. De rein fan de ôfrûne tiid is te min om it grûnwetter op peil te krijen.

Boskwachter Roel Vriesema - Foto: Bauke Deelstra, Omrop Fryslân

Boskwachter Roel Vriesema hat it gebiet rûn de Brandemar by Aldlemmer útkeazen om't it in hiel represintatyf gebiet is om de gefolgen fan de drûchte yn de provinsje sjen te litten. "Hjir is fean, moeras en lânboulân. Alles sit hjir byinoar. De wetterbehearsking is hjir hiel wichtich", fertelt Vriesema.

Ynklinken feangrûn

It wetterpeil yn it lânbougebiet leit leger as it wetterpeil yn it natuergebiet. Neffens Vriesema is it lege peil yn de feangrûn hiel skealik. "It fean klinkt yn om't der net genôch wetter yn sit. Der ûntstiet in mineralisaasjeproses en it fean ferdrûget." Vriesema lit sjen dat de dyk dúdlik in stik heger leit as de grûn derneist. De drûchte ferhastigt dit proses.

"Yn 40 jier tiid is de grûn wol in heale meter sakke, dat is foar in natuergebiet hiel neidielich. It wetter sûget folsein út it moerasgebiet wei." Vriesema fynt dat der mear ferbiningssônen komme moatte tusken de ferskate grûnen." It is in bekende diskusje, mar ek foar de minske sels hat it neidielen. "Hûzen kinne bygelyks fersakje."

Vriesema wiist op in dea, drûch plak yn de feangrûn. "Dit stik wurdt net mear wiet en bliuwt dea. Ik bin fan de ôfdieling dy't fynt dat it wiet bliuwe moat en dat der der echt wat oan de drûchte dien wurde moat.

Bauke Deelstra en boskwachter Roel Vriesema by de Brandemar

Ek in pear kilometer fierder, yn natuerreservaat de Rottige Meente ûnder Nijetrine binne de neifleagen fan it drûge jier 2018 dúdlik te sjen. Vriesema lit in petgat sjen dat folslein fol mei wetter sitte moat. "Yn 'e regel stiet der in soad wetter en komme der folle fûgels op ôf, lykas de ein en de stirns. Mar it wetter is fuortlutsen. It eaget noch wol fochtich, mar der stiet te min."

Beammen ferdrûgje

Ek beammen ferdrûgje, benammen de spjir hat sichtbere skea," seit Vriesema. Dat komt ek troch de drûge winter. "Mei in soad snie kin der langsem focht yn de boaiem fan de bosk lûke. De boaiem moat trochweakje en de beammen power jaan." Dochs geane der stikken bosk dea, bygelyks by Noardwâlde.

Boskwachter Vriesema oer petgatten en deade beammen

Drûge natuer yn Weststellingwerf - Foto: Bauke Deelstra, Omrop Fryslân
(advertinsje)