Bewenners Coornhert State op It Hearrenfean krije foardoar fan eartiids werom

Bewenners fan wensoarchsintrum Coornhert State op It Hearrenfean krije harren foardoar fan eartiids werom. De doar docht tinken oan de foardoar dy't de minsken thús hiene doe't se noch net yn it soarchsintrum wennen. Minsken mei problemen mei it ûnthâld kinne sa harren eigen wenning makliker weromfine.
Bewenners Coornhert State op It Hearrenfean krije foardoar fan eartiids werom
De nije foardoar bestiet út in sticker. De earste binne yntusken oanbrocht. Der binne tolve farianten dêr't útkeazen wurde kin. De nije foardoar jout de bewenners ek in thúsgefoel. De doar stiet faak symboal foar in bepaalde belibbing of oantinken út it libben fan ien of in plak dêr't minsken mei wille wenne ha.
De soarchmeiwurkers fan Coornhert State ha it plan fan de spesjale foardoarren betocht. It projekt is mooglik makke út it plan Waardigheid en Trots. Hjiryn binne ekstra middelen beskikber fan de oerheid om de kwaliteit binnen de ferpleechsoarch en fersoargingstehuzen te ferbetterjen.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra