Klaas Schotanus makket seizoen ôf by Harkemase Boys

02 maaie 2019 - 08:55

Harkemase Boys stiet de rest fan dit seizoen ûnder lieding fan Klaas Schotanus. Earder dizze wike stapte haadtrainer Tieme Klompe fuortendaliks op by de treddedifyzjonist, om't "de tank leech" wie. Schotanus, fan Aldemardum, wie dit seizoen al assistint fan Klompe.

Foto: www.orange-pictures.nl

By de útwedstriid tsjin ASWH stie de 35-jierrige Schotanus boppedat al foar de groep. Klompe wie doe skorst. Schotanus is âld-spiler fan Harkemase Boys. Yn de perioade 2012-2017 spile er 153 wedstriden foar de klup. Yn 2016 waard er kampioen mei Harkemase Boys yn de haadklasse.

Wa't takom seizoen de haadtrainer fan Harkemase Boys wurdt, is noch net dúdlik.

Noch fjouwer wedstriden

Harkemase Boys spilet dit seizoen noch fjouwer offisjele wedstriden. Takom saterdei is de earste: út tsjin Achilles'29.

(advertinsje)
(advertinsje)