Kollum: "Kamera's"

"Yn Nijmegen ha inkelde kafees en diskoteken de ôfrûne jierren kamera's yn de wc's hân. Se filmen de besikers fan de húskes, en yn ien kroech hinget de kamera sels sa dat - en ik sitearje hjir De Gelderlander - 'geslachtsdelen van plassende bezoekers in beeld komen. Gasten kunnen bij de ingang van de zaak meekijken.' 'Soms hangen ze er al jaren.'
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Soe dat wat hannel wêze, pisjende pimels? Fêst wol - je kinne it sa gek net betinke of der is wol immen dy't it aardich of spannend fynt om dernei te sjen. Dat sil mei wc-kamerabylden net oars wêze. En wêr kinst no in grutter ferskaat oan pimels fine as yn 'e hoareka. Dat dit yn Nijmegen bart, studintestêd by útstek, soarget der dan ek nochris foar datst jonge pimels yn byld hast. Dat leveret fêst noch mear op ek.
Nearne is sein dat de bylden fan dy Nijmeegse wc-kamera's nei bûten kommen binne. Mar se hingje fêst ek bûten Nijmegen, en it soe my neat ferwûnderje as it nei bûten komt - hoefolle saken fan ferburgen kamera's ha we yn 'e ôfrûne jierren al net hân: yn klaaikeamers fan hockeyers en swimbaden. Ferfrissend is dat it no ris in kear giet oer manlju en pimels.
De eksploitant reagearre: "De camera's hangen er zodat de bewaker een oogje in het zeil kan houden. We willen niet dat er stiekem dingen op het toilet gebeuren." Ja, útsein dan dus it stikem filmjen fan de pisjende pimels. Opfallend is ek dat se harren drok meitsje oer stikeme dingen dy't barre soene op 'e wc's yn 'e hoareka, want litte we no net dwaan as oft der fierder yn 'e hoareka gjin stikeme dingen barre. Hoe't al dy hûnderten nije hotels yn Amsterdam oan harren fergunning kaam binne, bygelyks.
Ach ja, wc's yn 'e hoareka, ik ha der altyd al in hekel oan hân. It liket wol as oft elke hoareka-ûndernimmer pas op it lêste momint by it ûntwerpen fan syn kroech betocht: ferrek, de wc's! Dat moat ek noch earne. En sa belânje wy, de gasten yn 'e hoareka op wc's yn de nuverste plakken en yn 'e nuverste foarmen.
Yn in bioskoop by my om 'e hoeke yn Amsterdam hinget yn de manljus-wc in grute rustfrijstielen bak, fan in meter as trije breed. It idee is dat je dêr wat tsjinoan mige, mei in man as wat, eat wat ik alderferskuorrendst ûngemaklik fyn. Pisbakken sûnder tuskensket is al bespotlik.
Yn in homoklup hjir is ien fan de muorren tusken de dûnsflier en de wc's makke fan glêzen stiennen. Dêr kinst tsjinoan pisje - oan 'e wc-kant sis ik der mar efkes by - en nee, it ljocht wurdt tefolle brutsen troch it bobbelige glês om echt wat sjen te kinnen, mar hiel komfortabel is it net.
De goarste wc dy't ik ken, is dy fan in kafee-restaurant by it Frederiksplein. It is tige lyts, der leit altyd wiet wc-papier op 'e grûn, en it slotsje fan de wc-doar hinget der wat los by. Ik bedoel, as ien 'm wat rûch iepen besiket te meitsjen asto binnen bist, dan slagget dat wierskynlik wol. Mar it slimste is dat it der rûkt nei in iepen rioel, en dêr sitst dan neist te iten.
Yn in grand-kafee yn 'e Reguliersdwarsstraat - ik leau dat it der no net mear sit - sieten wc-hokjes mei spegels boppe dy. Tusken de doar fan it hokje en it plafond siet romte, dus fia it plafond koest nei binnen sjen. Om't ik der gjin ferlet fan ha, ha ik nea checkt wat je dan krekt sjen koene, mar ast dêr ien kear stiest te pisjen, dan fielt it al tige ûngemaklik.
En dan binne der oeral dy ferrekte turboblazers om 'e hannen drûch te krijen, gatsamme wat in hekel ha ik dêroan. Ik waskje se altyd kreas, mar ik tink gauris dat ik mei smoargere hannen fan hoarekahúskes ôfkom, as ik hie doe't ik nei binnen gie.
Der wiene al gau deskundologen oan it wurd yn 'e media: nee, dit mei echt net samar, kamera's op wc's, krekt as it net mei yn pashokjes of klaaikeamers. Kinst it bêste de eigener fan de saak derop oansprekke, sei de ekspert, want nei de Autoriteit Persoonsgegevens of de plysje gean, hellet neat út.
Dit feroaret dus net mear. Manlju, we wurde filme, dêr. Wit dat. En earlik sein fyn ik it ek wol bêst. Ik bedoel: fan alles dat der mei hoareka-wc's oan 'e hân is, binne kamera's op myn krús wol myn lytste soarch."