Slachterstalint Josja Haagsma docht mei oan ynternasjonale fakwedstriid

02 maaie 2019 - 07:39

Josja Haagsma (24) is in oanstoarmjend slachterstalint. Se docht kommende sneon en snein mei oan de finale fan de International Young Butchers Competition yn Frankfurt. Josja wurket op it stuit by slachterij Biesma op De Pein. Se is by Gerk Biesma al oan it oefenjen foar dizze belangrike wedstriid.

"De wedstrijd bestaat uit zes verschillende opdrachten, waaronder uitbenen, worst maken, een verrassingsopdracht, een barbecue-opdracht... De meeste opdrachten kun je goed voorbereiden", fertelt Josja.

"Maar de verrassingsopdracht is best pittig. Je krijgt tien minuten van tevoren te horen wat voor stuk vlees je hebt en dan mag je bedenken wat je ervan gaat maken. Juist onder die druk is het wel moeilijk om te bedenken wat je dan gaat doen en dan krijg je een blackout."

Josja Haagsma en Gerk Biesma oan it wurd

Josja kaam by wize fan bybaantsje by slachterij Biesma telâne. Se moast skjinmeitsje en sa no en dan yn de winkel helpe. "Toen ik geen opleiding meer deed, ben ik de slagersvakschool gaan doen. Het was eigenlijk per toeval."

"Je leert superveel van zo'n wedstrijd. Je krijgt een training van soms wel drie mensen op één dag. Voor sommige opdrachten heb je creativiteit nodig en een vaste hand. Ik denk dat ik dat zeker heb."

Grutsk

Gerk Biesma is tige grutsk op Josja. "Se is sân jier ferlyn begûn as skjinmakster en no docht se mei oan it EK. Dat is echt super", fertelt er. "Yn it begjin wie it oarsom. Doe learde sy fan my. No lear ik fan har. En sy ynspirearret my enoarm."

Josja Haagsma - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)