Kennissintrum slacht alarm: probleem mei ikeprosesjerûp allinnich mar grutter

02 maaie 2019 - 06:54

As de oerheden en sûnenstsjinsten net better gearwurkje, wurdt it probleem fan de ikeprosesjerûp noch grutter as it no al is. Mei dit alarmearjende boadskip komt it Kenniscentrum Eikenprocessierups yn Wageningen. Ferline jier waarden de earste rûpen sinjalearre yn Ljouwert en yn it súdeasten fan Fryslân komt de rûp no ek foar.

Foto: -

Om foar te kommen dat de pleach noch grutter wurdt, wurde der yn de maitiid previntive maatregels naam. De hierkes fan de rûpen kinne nammentlik by likegoed minsken as bisten foar in protte klachten soargje. Sa krije minsken lêst fan brânblierren en yrritearre eagen.

Hofker Roel Timmerman spuitet yn Weststellingwerf previntyf nematoden yn de beammen. Dat binne mikroskopysk lytse wjirmkes, ek wol 'ieltsjes' neamd, dy't in natuerlike fijân binne fan de ikeprosesjerûp.

Allinnich mar slimmer

"Het probleem was vorig jaar al groot. Als je ziet hoe het zich vermenigvuldigt, dan denk ik dat het dit jaar alleen maar erger wordt", fertelt Timmerman. Yn Noard-Nederlân wurde der sa'n 18.000 beammen bespuite mei nematoden. De bistjes krûpe troch de hûd fan de rûp hinne, wêrtroch't dy ynfektearre reitsje en deagean.

Der binne gjin oare manieren om de ikeprosesjerûp massaal te bestriden. "Men probeert het wel, bijvoorbeeld met nestkastjes of bloemrijke bermen, zodat natuurlijke vijanden zich kunnen ontwikkelen. Maar ik denk niet dat dat voldoende is om een natuurlijk evenwicht te krijgen."

Lokaal bestride

It iennichste dat der neffens Timmerman dien wurde kin, is goed sjen wêr't de rûp krekt sit. As dat plakken binne dêr't in soad minsken komme, kin der op dat plak bestride wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)