Hûnderten reizgers strâne tusken Zwolle en Ljouwert

01 maaie 2019 - 22:31

Treinferkear tusken Zwolle en Ljouwert hat woansdeitejûn bot lêst fan in wikselsteuring tusken Zwolle en Meppel troch in stikkene ûndergrûnse kabel. Hûnderten reizgers komme net fierder as de stasjons fan Zwolle, Meppel en Assen. It treinferkear is ûnderwilens wer hiel stadich wer op gong kaam, mar de fertraging rint noch wol op oant in oere.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens ProRail giet it om in komplekse wikselsteuring. De treinferfierder NS soarget foar bussen tusken Zwolle en Meppel om de minsken op bestimming te krijen. Ek wurdt der fergees kofje útdield oan de reizgers. De problemen wurde neffens de NS fannacht wer ferholpen.

(advertinsje)
(advertinsje)