Natascha van Weezel yn IepenUP: "Je kunt pas echt vrij zijn, als je de ander vrijheid gunt"

01 maaie 2019 - 22:19

"Vroeger zag ik Palestijnen als monsters. Nu geloof ik dat je pas echt vrij kunt zijn als je de ander vrijheid gunt." Dat seit dokumintêremakker en auteur Natascha van Weezel woansdeitejûn yn har frijheidskolleezje foar IepenUP Live.

Ferslachjouwer Willem de Vries prate nei ôfrin mei Natascha van Weezel

Har beide âlden binne bern fan Holocaustoerlibbers. Dat hat in grut stimpel op har libben drukt. Op har 16e waard se bot rekke troch in reis nei Auschwitz, Sobibor en Birkenau. Wêr't se har earst bot yn har eigen 'feilige' Joadsk-Amsterdamske rûnten bejoech, rekke se mear en mear ynspirearre troch de tinkbylden fan har pake. "Mijn opa is mijn held. Hij was altijd voor gelijke rechten en tegen discriminatie."

Se begûn programma's te meitsjen oer it Palestynsk-Israëlyske konflikt, om beide kanten sjen te litten, mar waard dêrtroch wol geregeld troch sawol joaden as moslims ferspijd. "Dat voelde eerst heel eenzaam. Maar mijn vader (de krekt ferstoarne sjoernalist Max van Weezel. red.) zei: 'Als twee extreme kanten boos op je zijn, doe je iets goed.' En daar had hij gelijk in. Ik ben bevrijd uit een keurslijf. Het gevoel van eenzaamheid wordt langzaam meer een gevoel van autonomie."

Foto: Omrop Fryslân. Sybren Terpstra

Van Weezel makket har wol gauris soargen om ús maatskippij. Foaroardielen en waanbylden oer bepaalde groepearringen, binne in direkt gefaar foar ús tolerante, demokratyske kultuer, seit se. "En ik vraag me af of we daar genoeg bij stilstaan. Het is geen vrijheid als je zelf vrij bent maar een ander die vrijheid niet gunt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)