Marijke Groenewoud sterkste yn Klim van Steenwijk

Marijke Groenewoud fan Hallum hat woansdeitejûn de skeelerwedstriid de Klim van Steenwijk wûn. Yn de sprint wie de 20-jierrige Groenewoud de Dútske Josie Hofmann en Manon Kamminga fan Haulerwyk te rap ôf.
Marijke Groenewoud wint de sprint © Timsimaging.nl
Kamminga wie ferline jier noch de sterkste yn de twadde wedstriid om de KNSB Marathon Cup. De Klim van Steenwijk stiet bekend as in swiere wedstriid.

Hekman sterkste by de manlju

By de manlju wie Gary Hekman de sterkste yn de sprint. Hy bleau de Spanjert Jose Puela Cabello foar. Crispijn Ariëns út Wolvegea kaam as tredde oer de streek.
Op Keningsdei wie yn Oldebroek de earste wedstriid om de KNSB Marathon Cup. Dy waard by de froulju wûn troch Bianca Roosenboom, de mannen koene net yn aksje komme omdat it bot reinde.