Plestikfanger moat haven fan Starum ôffalfrij meitsje

01 maaie 2019 - 21:38

Yn de haven fan Starum wurdt freed in plestikfanger ynstallearre dy't ek driuwende blikjes en oare rotsoai sammelje kin. It giet om it systeem 'shoreliner' dat ek al yn Rotterdam brûkt wurdt. Súdwest-Fryslân is de earste gemeente yn Noard-Nederlân dy't dit systeem tapast.

Foto: Screenshot YouTube

Offal ferpleatst him troch streaming en wyn. As it goed is, driuwt it op natuerlike wike nei de shoreliner. Dy bestiet út in lange, driuwende soart balke mei filterdoek oan de ûnderkant. It smoargens wurdt automatysk nei ien hoeke dreaun dêr't in griper it derút hellet.

De gemeente Súdwest-Fryslân hat de plestikfanger betelle mei subsydzjejild fan recyclebedriuw Nedvang. Starum is net it iennige plak dat wat kriget foar de oanpak smoargens yn it wetter.

Yn Makkum wurdt in ôffalsûger yn it wetter pleatst. In dompelpomp sûcht it wetter oan. It ôffal bliuwt achter yn in bak en it wetter wurdt werompompt.

Snits hat rotsoaifangers yn de foarm fan fûken. De gemeente wol mei de fangsystemen bydrage oan fermindering fan plestiksop.

Foto: Screenshot YouTube
(advertinsje)