Auto slacht meardere kearen oer de kop op A31 by Sweins

By in ûngelok op de A31 by Sweins is woansdeitejûn tsjin healwei sânen in auto meardere kearen oer de kop slein. Der wiene gjin oare auto's belutsen by it ûngelok dat barde yn de rydrjochting Ljouwert. De bestjoerder is ferwûne rekke en mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.
© Srfotografie
Ien rydbaan waard ôfsluten foar it ferkear. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.