Saak-Marianne Vaatstra is "saak dy't de hiele mienskip rekke hat"

"Wy ha sa'n lyts doarp. Eltsenien ken inoar en dêrom is soks tige yngripend. It is in saak dy't de hiele mienskip rekke hat", fertelt Johannes van Kammen fan it blêd De Westereender oer de moard op Marianne Vaatstra. It is woansdei presys tweintich jier lyn dat it 16-jierrige famke út De Westereen fûn is. Yn Fryslân Hjoed sjogge ferslachjouwer Auke Zeldenrust en Johannes van Kammen út De Westereen werom.
PETEAR FH Marianne Vaatstra 20 jier lyn
Famylje, freonen en it doarp binne ferslein as se it nijs hearre oer de moard op Marianne. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wenne yn dy tiid yn Bûtenpost. "Ik krige in telefoantsje. 'Auke der is wat bard fannacht. Der is in famke fûn yn in greide by Feankleaster.' Doe bin ik derhinne fytst. Ik sjoch in fyts yn de sleatswâl. Wierskynlik de fyts fan Marianne. Alles wie al ôfset. Dy middeis waard bekend wat der oan de hân is, It wie op in sneon. Der waard noch fuotballe. En dan is it it praat fan de dei."
It hiele doarp lit him yn de dagen dêrnei sjen om de famylje te stypjen. Op de dei fan Marianne har routsjinst lizze op trije plakken yn it doarp kondoleânseregisters. Oeral op De Westereen hingje flaggen healstôk, mei in swart rou-lint deroan.
Van Kammen: "Wy woene sjen litte dat wy efter de famylje en freonen stean. Dy stille tocht wie yndrukwekkend." Dy gedachte dielde hy in pear dagen letter mei sa'n tweintichtûzen minsken dy't op de stille tocht ôf komme. "Safolle minske op de hoeke. En dan hearderst inkeld de stappen, mear net. Yndrukwekkend."
Stille tocht
"Ik haw dy dei ferslach dien fan de tocht sa't ik him belibbe as heit, net as sjoernalist", fertelt Van Kammen. Hy hat sels in dochter dy't op dat stuit sawat like âld is as Marianne, dus it griep him ek persoanlik oan.
"Mar dat der safolle minsken op ôfkomme soenen, hie ik net ferwachte. Ik wit noch dat ik mei minsken prate dy't fier bûten De Westereen wennen. Se fertelden my dat se kaam wienen om't sy fûnen dat famkes frij wêze moatte. En dat it harren sa bot rekke hie wat der bard is mei in ûntskuldich famke fan 16 jier."
© Omrop Fryslân

Komplotteoryen

Van Kammen fertelt dat de moard no gjin ûnderwerp fan gesprek mear is yn it doarp, mar it spilet wol hieltyd wer op troch de komplotteoryen. "Dêr leau ik sels net yn. Ik haw it idee dat minsken leaver hawwe dat in frjemden it dien hat, yn stee fan ien út de buert. Ik tink dat it mei feilichheid te krijen hat."
"It is in dei om noait wer te ferjitten. Marianne siet neist myn dochter by de kassa's by de Poiesz. Wy krigen dy moarn in telefoantsje. 'Hat jimme dochter tafallich Marianne ek noch sjoen, fannacht? Sy wurdt fermist.' En nei dy tiid hearst it ferskriklike nijs."
"De impact wie enorm. Der waard in protte oer praat. Mei de bern. En ek troch de bern ûnderinoar. Troch de hechtens fan it doarp koene ús bern ek by harren freonen en freondinnen terjochte mei harren ferhalen. Der ûntstie fuortendaliks in hecht kollektyf."
Van Kammen doarde syn bern net mear nei bûten te litten, ek omdat letter bekend waard út it diederprofyl dat de dieder sa'n died ek wolris wer dwaan kin. "Dan wurdst hartstikke bang. Je kinne de bern warskôgje, mar jo moatte it dan ek wer loslitte."