FIDEO: iepenUP frijheidskolleezje mei dokumintêremakker Natascha van Weezel

01 maaie 2019 - 19:32

De famyljeskiednis fan auteur en filmmakker Natascha van Weezel beynfloedet har wurk. Har beide âlden binne sjoernalist en bern fan Holocaust oerlibjenden. Yn iepenUP fertelt se yn in frijheidskolleezje wat dy famyljeskiednis mei har dien hat as persoan en as dokumintêremakker.

Sykte

Fan Natascha har fjirtjinde oan har njoggentjinde hie se anoreksia ûnder de leden. In besite oan Auschwitz hie ynfloed op har genêzing. Van Weezel studearre yn 2012 ôf oan de filmakademy yn Amsterdam mei in dokumintêre oer bernsbern fan Holocaustoerlibjenden. Hjir skreau se yn 2015 ek in boek oere: De derde generatie. Mei har heit skreau se in wikselkollum yn Trouw en se is fêste kolumnist by it Parool.

Natascha's Beloofde Land

Yn 2018 reizge Natascha in moanne op de fyts foar har rige 'Natascha's Beloofde Land' (VPRO) troch Israel en de Westelijke Jordaanoever. Har doel wie om it konflikt fan alle kanten op in nuansearre wize yn byld te bringen. Hjir seit se oer: "Ik ben journalist geworden, omdat ik apathie het ergste vind wat er is, bij welk onderwerp dan ook."

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn iepenUP.

Elkenien kin oanwaaie en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein (dit kear dus om 15.00 oere) en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer iepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)