Bysûndere betinking pake Hantje fan sterke man Wout Zijlstra

01 maaie 2019 - 18:31

Hantje Zijlstra waard op 16 jannewaris 1945 fermoarde troch minsken út it ferset. Sy wiene út op syn beurs, dêr't 1.000 gûne yn siet. Kommende sneon 4 maaie is yn Fiifhûs by Wolsum in betinking foar de feehanneler en slachter. No't dit ferhaal yn 2019 omtinken krijt, komme der by sterke man en pakesizzer Wout Zijlstra in soad reaksjes binnen.

Op tiisdei 16 jannewaris 1945 waard feehanneler en slachter Hantje Zijlstra flakby syn hûs op Fiifhûs fermoarde. Fersetsminsken skeaten him del doe't er op 'e fyts weromkaam fan de Snitser feemerk. Sy wiene út op syn beurs dêr't tûzen gûne yn siet. Hantje wie troud mei Minke en tegearre hiene se acht bern.

Pake fan Wout Zijlstra

Dit jier is yn Fiifhûs in bysûndere betinking fan dit yngripende barren. Sterke man Wout Zijlstra is in pakesizzer fan Hantje. Hy kin Fiifhûs sjen út syn pleats wei. Spesjaal foar de betinking is syn nichtsje Shirley oerkaam. Dat Hantje troch fersetsminsken deasketten is, hat de famylje bot sear dien. Krekt de man dy't mei syn frou Minke Joadske bern ûnderdûke liet en derfoar soarge dat oare ûnderdûkers en it sikehûs iten krigen, waard deasketten.

De jongste dochter, Tyn Zandman, wie in famke fan tolve, doe't har heit de dei nei de oanslach ferstoar yn Snits yn it sikehûs. De bern fan Hantje Zijlstra libje net mear, allinnich skoandochter Betty Metzelaar. Sy wennet yn Haarlem.

Reaksjes út Fiifhûs

No't it ferhaal mear omtinken krijt, komme der by Wout Zijlstra in soad reaksjes binnen, ek fan minsken út Fiifhûs dy't it barren noch meimakke hawwe. Sa seach Tine Reitsma dat de pake fan Wout delsketten waard. Sy wie doe in famke fan fiif jier. Dit hat op har en oaren yn it doarp in soad yndruk makke. Wout Zijlstra seit: "Wy wiene altyd mei ússels dwaande. Mar in soad oaren hat it rekke. Dat fernimme wy no pas."

(advertinsje)
(advertinsje)