Sintraal mûzepleachalarm komt der net, "boeren rêde der sels wol mei"

Der komt gjin sintraal warskôgingssysteem foar mûzepleagen. Nei de grutte pleagen fan 2014 en 2015 wie de gedachte dat se nije pleagen foarkomme koene, as it mar op tiid dúdlik is dat de mûzepopulaasje groeit. De provinsje hat meibetelle oan in foarûndersyk foar sa'n systeem, mar dat komt der dus net.
Wylde fjildmûs © Shutterstock.com
De reden dat it der net komt is dat it te djoer is. De lânbou moat it mûze-alarm sels betelje. De LTO hat dêroer kontakten hân mei de achterban. De boeren fine dat it neat oplost. It is in sinjalearringssysteem, gjin bestridingssysteem en it kostet wol wat. Dat de boeren sizze: "Wy rêde der sels wol mei", seit Peet Sterkenburgh fan lânbou-organisaasje LTO Noord
Dochs hat it foarûndersyk, ûnder oare betelle troch de provinsje, net foar neat west, giet Sterkenburgh fierder. Der binne saken dúdlik wurden foar de útfiering fan fierdere maatregels.
De LTO hat sels ek in warskôgingssysteem foar mûze-oerlêst. It trochjaan fan protten mûzen regelje de boeren no dus ûnderinoar. Se binne der boppedat folle mear wach op dat der mûzen binne.
Tekenen binne mûzepaadsjes op it lân en dat de wite rigers midden yn it lân stean. Dy fange mûzen. Se gean ek earder oer ta bestriding troch it lân ûnder wetter te setten. Dan komme de mûzen boppe en meitsje de fûgels der regaad mei, seit Sterkenburg.
Peet Sterkenburgh, LTO Noord