Lucas Bijker wint mei KV Mechelen de nasjonale beker fan België

01 maaie 2019 - 17:17

Lucas Bijker hat mei KV Mechelen de nasjonale beker wûn. De âld-Ljouwerter wûn mei syn klup yn de finale fan de Croky Cup ferrassend fan AA Gent. Mechelen einige dit seizoen as twadde op it twadde nivo en promovearre nei it heechste nivo. AA Gent stiet op dit momint sechsde yn de kampioenspûl.

Foto: www.orange-pictures.nl

Bijker syn klup kaam nei 32 minuten 1-0 efter troch in goal fan Dompé. Seis minuten letter makke Storm lyk foar Mechelen. Yn de 68e minút makke Mera de beslissende 2-1. KV Mechelen wûn foar de twadde kear de beker.

Yn 1987 wie dat mei spilers as Erwin Koeman en Piet den Boer en coach Aad de Mos. It jier dêrnei wûnen se de Europa Cup 2. Bijker giet no ek Europa yn. KV Mechelen is wis fan dielname oan de Europa League.

Trefwurden: 
fuotbal Lucas Bijker
(advertinsje)