Swimseizoen offisjeel iepene: negative swimadvizen fanwege blau-alch

01 maaie 2019 - 17:00

It swimseizoen is op woansdei 1 maaie offisjeel iepene. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) makke lykwols fuortendaliks al melding fan blau-alch op ferskate plakken. "We hiene sels ek net ferwachte dat it al op safolle plakken wêze soe." De FUMO jout negative swimadvizen en warskôgingen ôf.

Blau-alch - Foto: Omrop Fryslân

Foar fjouwer swimplakken hat de FUMO in negatyf swimadvys ôfjûn. Sa is it wetter by it swim- en surfsintrum Balk en fan De Leien by De Rottefalle fan minne kwaliteit. By Yndyk by Wâldsein en de Lange Hoek by Ealahuzen is ek blau-alch fûn.

De FUMO jout dêrneist ek in warskôging foar trije oare swimplakken. Dêrby giet it om de Pharshoeke yn Heech en om de Tsjûkemar by Reahel en Dolsterhuzen.

(advertinsje)
(advertinsje)