Boete foar Grinzer skulpefisker dy't te folle fiske yn de Waadsee

It Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat terjochte in twangsom easke fan bedriuw De Rousant B.V. út Lauwerzijl (Grinslân), dy't yn 2016 tefolle skulpen út de Waadsee helle. Dat hat de Ried fan Steat woansdei besletten. It bedriuw soe yn 2016 al 802 kúb skulpen mear út see helle hawwe as mocht en krige in twangsom fan 16.000 euro.
De Waadsee by Gryn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar eltse 100 kúb lei minister Cora van Nieuwenhuizen in twangsom op fan 2.000 euro, mar it bedriuw wegere te beteljen. De minister begûn mei in ynfoarderingsproseduere. De Ried fan Steat sei no dus dat dat terjochte wie. De Rousant fûn dat der te min bewiis wie, mar neffens it ministearje hat it bedriuw him yn 2017 ek net oan de fergunning hâlden hawwe.

Ferklearring ûnterjochte

It bedriuw jout ta dat der mear skulpen út see helle binne, mar dat soe bard wêze op namme fan in oare fisker, dy't noch romte oer hie. Soks soe regele wêze mei in meiwurker fan Rykswettersteat. It ministearje fynt dat soks hielendal net mei. De Ried fan Steat hat it ministearje dêr no gelyk yn jûn.
Yn de Waadsee binne trije skulpesûgers aktyf. De skulpen wurde ûnder oare brûkt foar it ferhurdzjen fan fytspaden.