F-16's en helikopter fan fleanbasis Ljouwert aktyf op 4 en 5 maaie

F-16's fan de fleanbasis Ljouwert dogge takom sneon op 4 maaie mei oan in fly-by boppe de eardere fleanbasis Soesterberg. Dat dogge se foar de Nasjonale Deadebetinking. Tusken de middei is der dêrom aksje op de fleanbasis Ljouwert. Dan giet it om it opstiigjen en lânjen fan de F-16's.
© Fleanbasis Ljouwert
In dei letter, op Befrijingsdei, is fleanbasis Ljouwert ek iepen. Dan foar in NH-90-helikopter. Dat hat te krijen mei it Befrijingsfestival dat yn de stêd holden wurdt. De Grinzer rapper Kraantje Pappie spilet fan 20.30 oant 21.00 oere op it haadpoadium en dêrnei giet hy mei de helikopter noch nei Grins, dêr't hy it festival ôfslút.