WOB-fersyk oer gong fan saken behear De Steense yn Wolvegea

01 maaie 2019 - 15:41

De heibel om sporthal De Steense yn Wolvegea hinne is noch net oer. De fraksje fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf freget mei in WOB-fersyk de offertes op fan partijen dy't it behear fan de kantine fersoargje woene. Dat behear wie gund oan Van Kerkvoorde Vlees & Catering, mar dy oerienkomst is neffens de partij op in nuvere wize ûntbûn.

Foto: Google Streetview

Sociaal Duurzaam Weststellingwerf hat by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf de offertes opfrege fan de trije partijen dy't meidien hawwe oan de oanbesteging foar it behear fan de kantine fan sporthal De Steense yn Wolvegea. De fraksje docht dêrby in berop op de Wet Openbaarheid van Bestuur (WOB).

Mei yngong fan 1 april wie it behear gund oan Van Kerkvoorde Vlees & Catering, mar yntusken is de oerienkomst tusken de gemeente en de behearder ûntbûn. De behearder soe in oantal easken ferkeard begrepen hawwe, sa wie de útlis oan de gemeenteried.

Sociaal Duurzaam Weststellingwerf fynt dat net dúdlik genôch en wol no witte wat der krekt misgien is.

Te lang gjin behearder

De kantine fan sporthal De Steense hat al in skoft gjin fêste behearder mear. Yn 2014 hat de gemeente Weststellingwerf it kontrakt mei de pachter opsein fanwege in finansjeel skeel. Dêrnei wie de kantine ferskate perioades ticht, ta frustraasje fan de klups dy't de sporthal brûke.

Sociaal Duurzaam Weststellingwerf hat him al yn septimber 2018 drokmakke om it behear fan de noch sletten kantine. Doe wiene der fragen oan wethâlder Jack Jongebloed. Neffens de fraksje moat in kantine it klopjend hert fan in sportkompleks wêze. Ferienings hawwe neffens de partij rjocht op dúdlikens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)