Studinten Friese Poort moatte winkelsintrum Saailân ympuls jaan

01 maaie 2019 - 15:12

Studinten moatte it winkeljen yn Ljouwert wer oantreklik meitsje. Sy krije as earste taak om winkelsintrum Saailân wer brûze te litten. Begjin septimber nimme studinten fan ROC Friese Poort harren yntrek op de earste etaazje, dy't de kommende wiken ferboud wurdt ta stúdzjerûnte mei winkels, hoareka en sels in escape-room. Studinten kinne sa yn de praktyk leare hoe't de retail wurket.

De earste studinten komme ein dizze wike al yn it winkelsintrum. Op de begeane grûn wurdt freed in Cambuur-pop-up-store iepene. Dêr binne shirts te keap, mar klanten kinne ek mei help fan virtual reality sjen wat it bêste plak wurdt yn it nije Cambuurstadion en dêr in seizoenkaart foar reservearje. It is de oanrin nei mear. Ien dan dizze dagen begjint de grutte ferbouwing. De folsleine earste etaazje wurdt dan oanpakt. De ôfrûne tiid binne alle winkels dêr ferdwûn, as lêste juwelier Copini.

Eveneminten

"Wy wolle mei ús studinten wer libben yn de brouwerij bringe", seit Jaap van Bruggen. Hy is by ROC Friese Poort ferantwurdlik foar it húsfêstjen. "In part fan de ôfdieling marketing en kommunikaasje komt hjir te sitten. Sy krije de opdracht om mei ûndernimmers út de binnenstêd en fan it Saailân eveneminten op te setten. It is hjir no te stil. Dat moat oars en dêr wolle wy oan meiwurkje."

Foto: Omrop Fryslân

Saailân as needgreep

De komst nei it Saailân is eins in needgreep. ROC Friese Poort kriget in plak yn it nije Cambuurstadion. Dat is letter klear as de bedoeling wie. "Dat soe earst yn 2020 klear wêze, mar it wurdt no in jier letter. Wy hawwe dêrom tydlik in oar plak nedich", seit Van Bruggen.

"It konsept dat we hjir no útrôlje, nimme we ek mei nei it nije Cambuurstadion. It ûnderwiis sa't jo dat kenne, sil net mear te werkennen wêze." De feroaring is ek needsaaklik om by te bliuwen, mient Van Bruggen: "De praktyk is as skoalle dreech by te hâlden. Dat kin allinnich as jo ûnderdiel binne fan de praktyk."

De earste etaazje wurdt de kommende tiid omboud. Der komme lesromtes, winkels en ek hoareka. Der wurdt gearwurking socht mei Brownies & Downies yn Ljouwert foar de hoareka en der komt in ôfdieling styling. "Wy meitsje ek in cyber security-winkel. Dêr komt in esacape-room by dêr't gasten leare kinne hoe't se 'gewoane' problemen oplosse kinne', lykas de gefolgen fan it ferlies fan de tillefoan."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)