Famylje Vaatstra betinkt Marianne: "Dy misse docht sa sear"

Tweintich jier nei de dea fan Marianne Vaatstra betinkt de famylje har mei in advertinsje. It is op woansdei eksakt 20 jier lyn dat de 16-jierrige Marianne Vaatstra út De Westereen dea fûn waard yn in greide yn Feankleaster.
© Kollumer Courant
Dit is de routekst dy't de famylje yn de Kollumer Courant sette litten hat:
Marianne,
Elk oere, elke tel ....
bisto yn myn tinzen en myn wêzen
en yn it djipst' fan myn gefoel
is it gemis yn alles ôf te lêzen
Want dy misse docht sa sear,
trocht alles rint it hinne
sels as de dei al ta in ein kaam is,
sil sy moarn mei in missen wer begjinne.
Ik gûl, ik laitsje en ik dream oer dy,
want ferjitte sil ik nea kinne.
Yn alles bist' en bliuwst' tichtby,
troch dea en libben hinne.
Striel as in moaie held're stjer,
skyn mar prachtig as de sinne.
Stoarmje as de wyn wer ik yn hear,
dyn waarme stim sa as foarhinne.
Leave Marianne, wy misse dy sa!
Heit
Mem
Broers en susters
Tantesizzers