Ferwûne by kopsturtbotsing op Tesselschadestrjitte yn Ljouwert

By in kopsturtbotsing op de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert is woansdei in frou licht ferwûne rekke. Sy is op it plak fan it ûngelok behannele yn in ambulânse.
© CAMJO media / Robert Jan Boonstra
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. It smiet wol in grutte ferkearsopstopping op yn de buert fan de Tesselschadestrjitte. Dat komt ek omdat der wurksumheden binne by de Hermesbrêge en it Europaplein.