Oerlêst troch ferkearsdrokte op de Singel yn de Snitser binnenstêd

01 maaie 2019 - 13:54

Der is noed oer de ferkearssituaasje yn de binnestêd fan Snits. Bewennersplatfoarm Centrum Sneek makke dat kenber by it meldpunt foar ferkearsûnfeilige situaasjes fan Omrop Fryslân. De strjitte krúst op ferskate punten mei hoarekagelegenheden en it winkelsintrum, en benammen dêr jouwe hurd ridende auto's, bussen en trekkers oerlêst.

Gemeente Súdwest-Fryslân is op 'e hichte fan de drokte yn de strjitte, mar hat noch gjin oplossing. "Wy geane earst yn petear mei alle belanghawwers," seit ferkearsdeskundige Richard Halbesma fan de gemeente. "Dus ek mei de ûndernimmers en oare partijen."

Dat der noch gjin konkrete plannen binne stekt by it bewennersplatfoarm. De leden fan it platfoarm binne al twa jier dwaande om wat oan it probleem te dwaan en hawwe derfoar al earder by de gemeente oankloppe.

Ferkearskundige Richard Halbesma fan gemeente Súdwest-Fryslân

Halbesma docht dus gjin konkrete beloften, mar hy is it der mei iens dat der te folle trochgeand ferkear is: "Wy geane yn petear oer oare rûten, mar it bliuwt in útdaging." Neffens him moat de snelheid omleech, mar at der bygelyks drompels oanlein wurde, kin dat wer trillingen yn de dyk feroarsaakje.

Omwenners oer de drokte

Bewenners fan Snits wize op de ferskate boarnen fan argewaasje: it lânbouferkear, jongerein dy't te hurd ride en lyts frachtferkear dat bygelyks de hoareka yn Snits befoarriedet. "Al dat verkeer moet dwars door de binnenstad heen en dat geeft veel overlast. De huizen verzakken, je ligt 's avonds te trillen in je bed en in de avond en ochtend wordt hier met enorme snelheden gereden, vooral door beroepsvervoer. Dat moet anders, het is onverantwoord."

Bewenners fan Snits oer de Singel

(Advertinsje)
(Advertinsje)