Toeristyske aktiviteiten yn Drylts no fanút de stêd sels organisearre

Yn Drylts is stichting Beleef IJlst oprjochte om de aktiviteiten dy't ûnder de flagge fan VVV Waterland van Friesland organisearre waarden, sels op te pakken. Harren âlde plak binnen de gruttere VVV-organisaasje, wie net goed foar de kuier- en fartochten en de havenmasters fan Drylts.
Mûne De Rat yn Drylts © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Al sûnt 1994 binne der yn de stêd Drylts stedskuiertochten en yn 2011 waard dat útwreide mei fartochten. Organisator wie doedestiids VVV Zuidwest Friesland, mar fan 1 jannewaris 2019 ôf is dizze ôfdieling opgien yn it grutte VVV Waterland van Friesland. Dat wie net goed foar de kuier- en fartochten en de havenmasters fan Drylts. Dêrom is no besletten om de toeristyske aktiviteiten yn Drylts pleatslik te organisearjen.

Nij bestjoer

It nije bestjoer bestiet út de âld-foarsitter en de âld-ponghâlder fan VVV Zuidwest Friesland. Ek fertsjintwurdigers fan gidsen, skippers en havenmasters sitte yn it bestjoer, om derfoar te soargjen dat de aktiviteiten folslein yn eigen behear opsetten wurde kinne. Dochs is stichting Beleef IJlst wol lid wurden fan VVV Waterland van Friesland, sa't alle ynformaasje oer de rekreaasje yn it doarp ek fia de VVV-kanalen bekend makke wurde kin.
De stichting wurket op it stuit hurd oan in eigen webside. Mooglik wurde de aktiviteiten yn de takomst noch fierder útwreide, mar no is de stichting noch benammen op it kommende simmerseizoen rjochte.