Bakker en slachter yn âlde biblioteek Warkum: "Jammer foar de stêd"

01 maaie 2019 - 12:38

It plan om in bakker, slachter en delikatessewinkel yn de eardere biblioteek fan Warkum te fêstigjen, mei trochgean. Dat hat Ried fan Steat besletten. In groep middenstanners út it sintrum fan de stêd makke beswier, omdat sy har soargen meitsje oer leechrin. "Oeral binne gatten yn de stêd", seit Sjerp Blom.

It sintrum fan Warkum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De âlde biblioteek, dêr't de farskwinkels dus yn komme, leit oan de Begine. Dat is bûten it winkelsintrum fan stêd. It fêstigjen fan winkels dêr is yn prinsipe yn striid mei it provinsjale belied. De Ried fan Steat fynt lykwols dat de gemeente oantoand hat dat de winkels yn de leechsteande biblioteek in nije ympuls jouwe oan dat diel fan de stêd. It soe gjin neidielen opsmite foar de winkels yn it sintrum.

Net goed ûnderboud

Slachter Sjerp Blom, ien fan de ûndernimmers yn it sintrum, leaut dêr neat fan. "De gemeente hat it net goed ûnderboud. De ûnôfhinlike beswierekommisje hat ús gelyk jûn. It plan fan de gemeente wie net grûndearre."

"Ik snap it belied fan de gemeente ek net hielendal. In jier of wat lyn iepene de wethâlder in winkel yn Boalsert. Hy sei dat se de winkelkearnen yn de âlde doarpen en stêden fersterkje moatte. Twa dagen letter kaam it nijs fan it ferhúzjen fan de farskmerk yn Warkum."

De minsken sette aanst de auto dêr del en dan komme se net mear hielendal nei it sintrum.

Sjerp Blom

Dochs hat de gemeente fan de Ried fan Steat dus gelyk krigen en dêr baalt Blom fan. "It sintrum fan Warkum is al net kompakt, de winkels sitte al net ticht byinoar. En dan geane der ek noch twa fuort", seit Blom. "De minsken sette aanst de auto dêr del en dan komme se net mear hielendal nei it sintrum."

De ûndernimmers sille gjin stappen mear sette om de ferhuzing foar te kommen. "It is no klear. Ik gun dy minsken alle sukses. Dêr giet it net om. Mar ik hie it leaver yn it sintrum hân."

Sjerp Blom

(advertinsje)