Fryske apotekers: "Agresje komt ek hjir foar"

De kâns dat der dit jier ek stakingen komme by Fryske apotekers is lyts, mar de apotekers hawwe wol begryp foar de staking dy't woansdei hâlden wurdt yn it Gooi. Dat seit wurdfierder Jouke de Jong fan de feriening foar Fryske apotekers.
© ANP
De helte fan de fjirtich apoteken yn Hilversum en omkriten wie woansdeitemoarn ticht, út protest tsjin it tekoart oan bepaalde medisinen en it foarkarsbelied fan de soarchfersekerders. De apotekers sizze dat sy te meitsjen hawwe mei agressive klanten, dy't gjin begryp mear hawwe foar it tekoart oan medisinen.

Ek yn Fryslân lilk

Wurdfierder Jouke de Jong seit dat ek yn Fryslân klanten somtiden hiel lilk wurde as bliken docht dat harren medisyn net te leverjen is en dat se oerstappe moatte op in oar middel, mar de problemen binne yn Fryslân wol minder grut as yn it Gooi. Dat komt omdat Fryske apotekers no noch mear romte hawwe om djoerdere alternativen oan te bieden oan de pasjinten, om't soarchfersekerder De Friesland dêr soepeler mei omgiet.

Wurkdruk

Nettsjinsteande dat, is de wurkdruk by de meiwurkers oan de baly fan de apoteek de lêste jierren hiel bot tanommen, sa jout De Jong oan. Dat komt mei trochdat der in soad tiid bestege wurde moat oan it jaan fan útlis oer it medisinetekoart en it sykjen fan alternativen.
Jouke de Jong