Wommelser Farm Friends presintearret seis leasekij yn Simbabwe

De Wommelser stichting Farm Friends hat seis 'leasekij' presintearre yn Harare, de haadstêd fan Simbabwe. Farm Friends begûn yn 2002 mei in projekt yn Tanzania en wreide letter út nei Etiopië. It doel is om de boeren dêr kij lease te litten, sadat sy in eigen bedriuw opsette kinne.
Ambassadeur Barbara van Hellemond ferwolkommet Farm Friends © Farm Friends
De 'leasekij' fan Farm Friends binne ûnderdiel fan in programma om de lytse boeren yn Simbabwe te stypjen. Mei it jild kinne de boeren de kij yn trije jier werombetelje. It jild bliuwt yn in fûns en kin letter brûkt wurde foar nije kij.

Uteinlik 5.000 kij

Farm Friends ferwachtet op syn minst 500 'drachtige' kij kwyt te kinnen yn Simbabwe. Uteinlik moat dat trochgroeie nei 5.000 kij. By dy ferwachtingen basearret de stichting har op ûnderfiningen yn Tansania en Etiopië.
De presintaasje fan Farm Friends yn Harare wie op de Nederlânske ambassade dêr. Dêrby wiene ûnder oare ministers en it Simbabwaansk bûn foar boeren oanwêzich.