Iennige Fryske kij yn bûtendyks gebiet loslitten by Ternaard-Holwert

01 maaie 2019 - 10:53

De kij fan boer Jan de de Graaf út Ternaard ferhúzje op 1 maaie wer nei bûtendyks kweldergebiet by Holwert. Se krije dêr sâltich gers en it gebiet wurdt net bedonge. It is fan ynfloed op de smaak fan it fleis, dat ferkocht wurdt ûnder de namme Weiderij.

"Fan 1 maaie ôf mei fan Steatsboskbehear wer fee nei it bûtendyks gebiet," seit boer Jan de Graaf. De kij wurde earst yn in jister setten, in ôfset stikje lân dêr't se oan it ljocht en it gefoel fan de iepenloft wenne kinne.

Unike gearwurking

Slachter Klaas Theo Smit út Ternaard is tige entûsjast oer it fleis fan de Belgyske wytblau dat by him yn de fitrine komt: "It is superkwaliteit. It is in unike gearwurking tusken de famylje De Graaf, Ecolana en slachterij Smit. Ik tink dat ik de iennige slachter yn Fryslân bin dy't fleis kriget fan kij út de Waadsee."

De lokaasje leveret neffens boer De Graaf gjin problemen op: "Somtiden rekket der wolris in ko yn it slyk, mar dy lûke wy der mei in trekker wol wer út."

De kei yn it bûtendyks kweldergebiet - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei boer De Graaf en slachter Smit

De boeren yn it gebiet wurkje gear yn de feriening Ecolana, dy't har ynset foar kwaliteit en foedselfeiligens. It wolwêzen fan de bisten stiet foarop. Op de pôlen fan it bûtendyks lân hawwe de kij in soad romte. It weidzjen fan de kij op dy wize past neffens de boeren by wat de konsumint hjoed-de-dei freget.

Neffens De Graaf en Smit hawwe de kij in prachtich libben bûtendyks. "De kij rinne hast tsjin de pier oan, mei útsjoch op It Amelân."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De kij wurde frijlitten yn it kweldergebiet

(advertinsje)