Grinzer pleats no wol yn flammen op foar film oer Grutte Pier

01 maaie 2019 - 08:16

Yn Den Horn, net fier fan de stêd Grins, is tiisdeitejûn in ferlitten pleats yn flammen opgien. Dat hie in Fryske reden: de brân wie nammentlik oanstutsen foar de nijste film fan Steven de Jong oer Grutte Pier.

De brân luts inkelde tsientallen belangstellenden. Earder koene de opnamen foar de film fan De Jong net trochgean. Fanwegen de drûchte wie it doe net feilich genôch, neffens de gemeente Westerkwartier en de feilichheidsregio.

Foto: Robert Pastoor, RTV Noord

De opnamen wurde brûkt foar de iepeningssêne fan in film oer it libben fan Grutte Pier.

Ferslachjouwer Robert Pastoor fan de kollega's fan RTV Noord

(advertinsje)
(advertinsje)