Ljouwerter (18) slacht yn kafee tosken út mûle fan slachtoffer

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitenacht in 18-jierrige man út de stêd oanhâlden foar swiere mishanneling. Yn in kafee op it Ruterskertier sloech er it 24-jierrige slachtoffer út Ljouwert de tosken út 'e mûle.
© Omrop Fryslân
It slachtoffer moast tiisdeitenacht nei de toskedokter om syn gebit werstelle te litten. De 18-jierrige fertochte is ynsletten en krijt in kollektive hoareka-ûntsizzing fan fiif jier.