Saak-Marianne Vaatstra: fan 1999 oant 2019

Eksakt 20 jier lyn, op 1 maaie 1999, waard de 16-jierrige Marianne Vaatstra út De Westereen dea fûn yn in greide yn Feankleaster. Mei grutte fersleinens by famylje, freonen en doarpsgenoaten ta gefolch. In fêstrinnend ûndersyk, driging rjochting it AZC en komplotteoryen. It is in saak dy't, sels no't de dieder fûn is, noch altyd liket te libjen. Hjir in oersjoch fan wat der yn al dy jierren spile hat.
© Omrop Fryslân

Sneon 30 april 1999

Yn de nacht fan 30 april op 1 maaie 1999, wurdt de 16-jierrige Marianne Vaatstra dea fûn yn in stik greide by Feankleaster. Se is ferkrêfte en fermoarde. Op it lichem wurdt DNA fan de dieder oantroffen.
1 maaie 1999

Stille tocht, maaie 1999

De Westereen stipet de famylje en organisearret in stille tocht. 15.000 oant 20.000 minsken kamen hjirop ôf. Fan fier binne se kommen om utering te jaan oan harren fertriet, as meilibjen mei de famylje en neiste freonen fan Marianne.
Stille tocht

Unrêst rûnom AZC, maaie 1999

Al gau wurdt tocht dat de dieder mooglik yn it asylsikerssintrum fan Kollum socht wurde moat. Dit soarget foar in soad ûnrêst.
Spanning AZC

Protestdemonstraasje, oktober 1999

By in ynformaasjegearkomste yn de Kollumer Sporthal oer in nij azc krijt boargemaster Piet Visser de folle laach fan ûntefreden boargers, dy't fine dat de link mei it asylsikerssintrum net genôch ûndersocht wurdt.
Protestaksje

Plysje-ûndersyk rint fêst, juny 2001

De plysje begjint mei ûndersyk nei de moard op Marianne. Der wurdt wol in hânfol fertochten oanholden, mar dy komme wer frij nei DNA-testen. Yn de dokumintêre In nacht fan 800 dagen blikt dokumintêremakker Gerard van der Veer werom mei in tal resjersjeurs en fertsjintwurdigers fan it Iepenbier Ministearje.
Plysje ûndersyk

DNA-ûndersyk, septimber 2012

De dieder wurdt noch altyd net fûn. Al gau komt de rop om in grutskalich DNA-ûndersyk yn de omkriten fan Feankleaster. Misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries hat him fêstbiten yn de saak en besiket sels fia de rjochter in DNA-ûndersyk ôf te twingen. Mar dan komt op 6 septimber 2012 dochs ljocht oan it ein fan de tunnel: der komt in grutskalich DNA-ûndersyk ûnder 8.080 manlju út de omkriten fan De Westereen.
DNA undersyk

Jasper S. novimber 2012

Twa moanne letter, op 19 novimber 2012, makket it Iepenbier Ministearje bekend: der is in man út Aldwâld oanhâlden foar de moard op Marianne Vaatstra. Jasper S. waard oppakt nei in hûndert persint DNA-match, mei materiaal dat op it op it lichem fûn wie. In pear wike letter komt S. foar en hy bekent. Hy krijt in selstraf fan 18 jier.
Jasper S

Komplotteoryen, juny 2014

Nettsjinsteande dat Jasper S. oppakt is, bliuwe de komplotteoryen oer de moard op Marianne. Yn in boek, fan Wim Dankbaar en Hans Maurits, wurdt steld dat Jasper S. nét ferantwurdlik is foar de moard op Marianne Vaatstra. De famylje Vaatstra hat lykwols oanjûn dat de saak mei de feroardieling fan Jasper S. foar harren dien is, en dat se rêst wolle.
Komplottheorie Wim Dankbaar
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust en skriuwer fan 'De Westereender' Johannes van Kammen fertelle woansdeitejûn yn Fryslân Hjoed oer hokker ynfloed dizze saak hân hat op De Westereen.