Bewenners De Marderhoek siedzje berms yn foar bijen

01 maaie 2019 - 06:59

De bewenners fan buorskip De Marderhoek by Aldemardum sille woansdeitejûn de berms ynsiedzje mei in mingsel dat goed is foar bijen. Dat is net allinne goed foar de bijen, mar op dizze wize freget de beurt ek omtinken foar de skuorrerûte 'Stap yn de Marderhoek'. Dy sil op 9 novimber fan dit jier plak fine.

Bijen - Foto: Shutterstock.com

It buorskip hold de earste rûte tsien jier lyn, dit is de tredde edysje. De bewenners fan de acht buorkerijen en fiif huzen sette harren skuorren iepen foar publyk. Dat kin dêr telâne foar in bradery by de twa kilometer lange rûte del.

Goed doel

De opbringst fan de skuorrerûte giet nei in goed doel. By de lêste edysje fan fiif jier lyn waard 10.000 euro ophelle.

Inisjatyfnimster Martha de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)