Wat kostet it parkearjen by Fryske sikehûzen?

Fan de fjouwer Fryske sikehûzen kinst it goedkeapst parkearje by Nij Smellinghe yn Drachten. It MCL yn Ljouwert, Antonius yn Snits en Tjongerskâns op It Hearrenfean binne hast altyd djoerder.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In oerke by in siik famyljelid op besite? Dan bist by it MCL yn Ljouwert en it Antonius yn Snits it djoerste út. By beide sikehûzen kostet dit 1,50 euro. It is goedkeaper om in oerke nei Nij Smellinghe yn Drachten of Tjongerskâns op It Hearrenfean te gean. Dat kostet 80 sint en 1,20 euro it oere.

Hiele dei

Mar ast in hiele dei yn it sikehûs wêze moatst, omdatst der bygelyks foar ûndersiken bist, dan is Tjongerskâns wer aardich oan 'e priis. It goedkeapst is opnij Nij Smellinghe, folge troch it Antonius. It MCL is it djoerst.
By alle fjouwer sikehûzen kinst ek kaarten foar langere perioaden keapje. Sa is der in saneamde 'wikekaart'. De namme seit it al: mei sa'n kaart kinst in wike yn- en útride. Ek dêrmei is Nij Smellinghe it goedkeapst, foar 5,50 euro kinst de hiele wike parkearje. By it MCL is dat trije kear sa djoer, dêr betellest 17,50 euro.
Sionsberg yn Dokkum en MCL Harns binne net meinaam yn dit ûndersyk, omdat dêr gjin pasjinten opnaam wurde.
© Omrop Fryslân
It djoerste sikehûs fan Nederlân is it VUmc yn Amsterdam. Dêr betellest fjouwer euro foar in oerke, en kostet in hiele dei parkearjen 30 euro. In wikekaart ferkeapet it sikehûs net. It grutste sikehûs tichterby hûs is it UMCG. Dêr betellest foar in oere twa euro. Foar in folsleine dei komt it del op 20 euro en in wikekaart kostet 27,50. Asto as pasjint nei it UMCG yn Grins moatst, kinst in spesjale deikaart keapje foar 5 euro.