Gemeente Ljouwert yn heger berop tsjin provinsje om doarpsmûne Reduzum

30 apr 2019 - 22:37

By de Raad van State hat tiisdei it heger berop tsjinne dat de gemeente Ljouwert oanspand hie tsjin de provinsje oer de doarpsmûne fan Reduzum. De provinsje wegeret tastimming te jaan om de doarpsmûne ferfange te litten troch in heger eksimplaar.

De wynmûne fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De provinsje wol gjin solitêre nije wynmûnen op lân. Dat ha CDA, VVD, FNP en SP yn it koälysje-akkoart tusken 2015 en 2019 fêstlein. De provinsje hat keazen foar wynmûnen op de Iselmar by Makkum en by de kop fan de Ofslútdyk. De gemeente Ljouwert wol dat de Raad van State de provinsje werom fluitet.

Yn Reduzum is in soad draachflak om de doarpsmûne te ferfangen troch in hegere mûne. De gemeente wol dat dit kinne moat. De Raad van State docht oer in pear wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)