Plysje rôlet himpkwekerij op yn Hallum
De plysje hat tiisdei in himpkwekerij yn Hallum ûntromme, yn in gebou njonken in wente. Der binne 381 plantsjes oantroffen. In 57-jierrige man is oanhâlden. It die bliken dat de stroom yn de wente yllegaal ôfnommen waard.