Partij voor de Dieren stelt keamerfragen oer ynsidint slachthûs Drachten

30 apr 2019 - 21:53

De Partij voor de Dieren hat keamerfragen steld oer it ynsidint tusken in eigener fan in slachthûs yn Drachten en in keuringsdokter fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. De keuringsdokter waard ôfrûne freed troch de eigener fan it slachthûs delslein. Se rûn dêrby ferwûnings oan de holle op.

Foto: ANP

Keamerlid Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren wol fan minister Grapperhaus fan Justysje en Schouten fan Lânbou witte wat sy fan de yntimidaasje fine. De NVWA hat earder oanjûn dat der earst in petear komme moat tusken it Drachtster bedriuw en de NVWA, foardat der wer slachte wurde mei.

Ouwehand wol witte wat der barre moat foardat de ministers in slachthûs definityf slute sille. De Partij voor de Dieren freget ek oan de ministers oft it harren bekend is dat guon ynspekteurs ek wol 'kûgelbrieven' krije en somtiden mei de famylje ûnderdûke moatte.

3.000 euro boete

It Drachtster slachthûs kaam al earder negatyf yn it nijs. De eigener hat yn de simmer fan 2018 in boete fan 3.000 euro krigen, omdat der kij oanfierd waarden dy't kreupel en siik wiene. Dêrfoar wie dat ek alris bard.

(advertinsje)