Aris flink ûnderút yn earste wedstriid kwartfinale play-offs

30 apr 2019 - 21:04

Aris hat tiisdeitejûn de earste wedstriid yn de kwartfinale fan de play-offs om it lânskampioenskip ferlern. Yn Zwolle wie Landstede Basketbal mei 92-70 te sterk. Noah Dahlman wie mei 24 punten de grutte man by de Zwollenaren. Nick Masterson makke 17 punten foar Aris.

De Ljouwerters kamen goed út de startblokken yn it Landstede Sportcentrum. Yn koarte tiid waard it 0-4 foar Aris. Dy marzje stie, ûnder mear troch in trijepunter fan Sjoerd Koopmans, ek healwei it earste kwart noch op it boerd: 9-13. De Zwollenaren waarden dêrnei lykwols wol better, mar it earste kwart gie mei 20-21 nei de Fryske basketbalklup.

Yn it twadde kwart kaam de nûmer twa fan de reguliere kompetysje better yn it spul. It team fan coach Anne van Dijk kaam dreger ta skoaren en dertroch rûn Zwolle út ta 33-27. Landstede profitearre dernei fan in protte flaters fan Aris. Beide ploegen giene dêrtroch by rêst mei 49-34 de klaaikeamers yn.

Speech

De speech fan coach Van Dijk yn de rêst die fertuten, want de Fryske klup kaam direkt werom ta 49-42. Troch in trijepunter fan Darian Anderson waard it sels 55-51. De turbo gie der lykwols wer op by Landstede en dat resultearre al gau wer yn in romme foarsprong: 63-51. In time-out fan de Ljouwerters mei noch 1.51 op de klok yn it tredde kwart koe net foarkomme dat de marzje op tolve punten bleau: 66-54.

Yn it lêste kwart wie it leauwen by Aris fuort en wie it ferset fan de Ljouwerters brutsen. De wedstriid einige úteinlik yn 92-70.

Twadde duel

Tongersdeitejûn stiet yn it Kealledykje it twadde duel yn de kwartfinales fan de play-offs op it programma. Aris sil dat winne moatte om kâns te hâlden op de heale finale. De ploech dy't as earst twa wedstriden wint giet troch.

Foto: OrangePictures
(advertinsje)
(advertinsje)