LTO Noord ûndersiket miening boargers oer lânbousektor

Lân- en túnbou-organisaasje LTO Noord is benijd nei de miening fan boargers yn Noard-Nederlân oer de lânbou. Studinte Tjitske de Wit ûndersiket foar LTO Noord de ferbining tusken boeren en harren omjouwing. Ynwenners fan Fryslân, Drinte en Grinslân dy't 18 jier en âlder binne, kinne harren miening jaan.
Ko yn de greide © Shutterstock.com
De Wit folget de hbû-oplieding Management van de Leefomgeving oan Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. "Ik rin staazje by LTO. Der hie al in oantal gearkomsten west ûnder leden oer dit tema. Mar eins is it noch net echt fan de oare kant beljochte. Se hiene my frege om dêrmei oan de gong te gean", fertelt se.
Se sil boargers, dus net-boeren, freegje wat harren bining is mei de boeren yn de omjouwing. Yn de enkête stean fragen lykas: hawwe jo wolris op in buorkerij west? Tinke jo dat jo goed op 'e hichte binne fan hoe't jo iten produsearre wurdt? Wolle jo dêr mear oer leare?

Unwittendheid

"Ik tink dat der ûnwittendheid is by beide partijen, omdat de produksje fan iten út de direkte leefomjouwing fan de konsumint rekke is. Dêrtroch begripe se inoar minder goed. Dêr wol ik wol graach in bydrage oan jaan."
De Wit sil ek in oantal ynterviews hâlde mei boargers dy't de enkête ynfolle hawwe. "De winner, dy't it bedriuwsbesite wint, wol ik graach ynterviewe oer wat dy derfan fûn en oft er nije kennis opdien hat."
De resultaten fan it ûndersyk sille brûkt wurde yn it proses fan LTO Noord oer dit tema. Nei alle gedachten sil der ek in gearkomste organisearre wurde foar de boeren en net-boeren. Sa moat der op lokaal nivo útwurking jûn wurde oan dit tema.
De enkête stiet twa wike lang iepen en it ynfoljen derfan duorret sa'n fiif minuten. Under de respondinten sil in buorkerijbesite ferlotte wurde.