Ravenswâlder (23) krijt wurkstraf foar kopskoppen

30 apr 2019 - 19:32

In 23-jierrige ynwenner fan Ravenswâld is troch de rjochtbank fan Ljouwert feroardiele ta in wurkstraf fan 50 oeren. Hy wie yn oktober foarich jier belutsen by in kopskop-ynsidint op de Boerestreek yn Appelskea. In jonge rekke dêrtroch slim ferwûne.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy krige fan in 18-jierrige Appelskeaster in traap fol yn it gesicht. Dizze persoan krige earder al in oantal moannen jeugddetinsje.

De man út Ravenswâld hie neffens de rjochtbank ek in belangryk oandiel om't hy derfoar soarge hie dat it slachtoffer op 'e grûn foel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)