Megastâl net bistûnfreonlik: "Ik ha it idee dat minsken achter buro's mar wat betinke"

30 apr 2019 - 18:31

Wieger van der Meulen en syn sus Elsa Algra-Van der Meulen fan Suwâld ergerje harren bot oan de negative berjochtjouwing oer megastâlen. Neffens harren hawwe kij en keallen it op harren gongbere bedriuw prima.

Broer en sus sitte tegearre mei de man fan Elsa yn in maatskip mei 550 melkkij en sa'n 300 stik jongfee op trije lokaasjes. De stâlen foar de kij binne rom mei genôch lisplakken, fentilaasje, wetterbêden yn de boksen en boarstels.

Keallen wurde fuort nei de berte skieden fan de mem en opfongen yn iglo's. Wol krije se de earste dagen bjist (memmemolke) om wjerstân op te bouwen. Nei in pear wike komme se mei in lyts ploechje byelkoar yn it hok. Hygiëne stiet dêrby foarop. Keallestjerte komt op it bedriuw hast net foar, seit Wieger.

Greidefûgelbehear

Op it grutste fan de trije bedriuwen docht Wieger oan greidefûgelbehear. Hy lit bygelyks wetter op it lân rinne, wurket mei groppen en leit op guon stikken allinnich drûge dong. Troch dy ynspanning sitte der no sa'n fyftich span ljippen en sa'n fyftjin span skriezen en tsjirken. Ek wurde der stroken gers ynsiedde mei blommemiks foar de ynsekten.

Foto: Omrop Fryslân

Foarige wike kaam der in rapport nei bûten fan stichting Wakker Dier dêr't flinke krityk yn te lêzen wie op megastâlen en it bistewolwêzen op dy bedriuwen. Ek waard soarch útsprutsen oer de groei fan it oantal fan dizze stâlen yn Nederlân.

Elsa en har famylje binne bot rekke troch de yn harren eagen iensidige berjochtjouwing dy't neffens harren net strookt mei de realiteit. "Ik ha it idee dat minsken achter buro's mar wat betinke", seit Elsa. Se wol graach mei de polityk en ek mei biste-organisaasjes yn petear. "Lit se hjir komme en mei ús prate", seit Elsa.

(advertinsje)
(advertinsje)