Bewenner en frijwilliger skriuwe boek oer 40 jier Ielânen Snits

30 apr 2019 - 18:00

Op 8 maaie is it eksakt 40 jier lyn dat yn Snits it wen- en soarchkompleks de Ielânen iepene waard. In momint om te fieren en by stil te stean, ek omdat it gebou sa't it der no stiet tsjin de flakte giet. Bewenner Herman Walstra en frijwilliger Roelof Heide ha de skiednis bondele yn in boek.

Herman Walstra wennet al tolve jier yn de Ielânen. Hy hat syn eigen winkeltsje en ken in soad fan de ferhalen fan de oare bewenners. No't dúdlik waard dat it gebou yn de takomst plak makket foar nijbou woe hy de skiednis fêstlizze.

"Foar my is de Ielânen persoanlik hiel belangryk. Ik ha hjir de mooglikheden in soad te dwaan. Yn it boek wol ik dan ek fertelle wat hjir allegear bart. De Ielânen is foar in soad minsken ûnbekend."

Help

Allinnich kin hy it lykwols net. Walstra hat MS en sit yn in rolstoel. Hy kin allinnich syn holle bewege. De help kaam fan frijwilliger Roelof Heida. "Herman kaam mei it ferhaal dat hy it boek meitsje woe. Hy fertelde altyd al in soad oer de Ielânen."

Foto: Omrop Fryslân

Se krigen de wrâld oan materiaal ûnder eagen. Dat gie fier werom yn de tiid. "Ja, ek allegear foto's fan it soarchgebou foar de Ielânen, it Grifformeard Ferpleechhûs. Dat siet yn it gebou dêr't no de biblioteek yn sit. Je moatte dat allegear klopjend meitsje."

Heida koe goed fernimme dat de Ielânen fan grut belang is foar de bewenners. "It binne de minsken dy't net mear thús wêze kinne om't se mear fersoarging nedich hawwe. Foar harren is de Ielânen hiel belangryk. Dat kinne we hjir no fêstlizze."

Trefwurden: 
Patyna Snits boek soarch Ielânen
(advertinsje)
(advertinsje)