Wetterskip Fryslân komt yn 2020 mei flinke belestingferheging

Wetterskip Fryslân komt foar ien kear mei in grutte ferheging fan de belesting yn 2020. Dat moat omdat it Wetterskip mei de hjoeddeiske begrutting en belestingynkomsten it net rêde kin, nettsjinsteande besunigings yn it ferline.
Wetterskip Fryslân © Wetterskip Fryslân
In mearpersoanshúshâlden mei in keapwente moat 30 euro yn it jier mear betelje, in mearpersoanshúshâlden mei in hierwente goed 15 euro mear.
Mar hoe kin it dat de finansjele posysje fan Wetterskip Fryslân sa min is? "Hoe het Wetterskip ervoor staat, is het resultaat van het beleid van de afgelopen jaren. We hebben de afgelopen jaren de reserves, die in het verleden zijn opgebouwd, gebruikt om dingen te betalen", fertelt Jan van Weperen, fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

Ekstra grutte útjeften

"Ook hebben we de komende jaren extra grote uitgaven te doen. Wij als waterschap investeren veel in gemalen en die aanbestedingen pakken vaak duurder uit dan wij begroot hebben. Het zijn tal van redenen die veroorzaken dat het nodig is om een eenmalige, toch wel forse verhoging voor te stellen."
Ek boeren en bedriuwen sille de belestingferheging fiele. Troch it foarstel sille harren útjeften mei 1.000 euro yn it jier omheech gean.
Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân oer de belestingferheging
De drûchte hat ek fan ynfloed west op de swierrichheden by it Wetterskip. "Ik zie het wel als een trend door klimaatverandering, waar we op moeten inspelen. We moeten daar als waterschap rekening mee houden."
It nije deistige bestjoer fan Wetterskip Fryslân stelt der alles oan te dwaan om de kosten yn de takomst leech te hâlden. It bestjoer bestiet út de partijen CDA, VVD, Christen Unie, Lagere Lasten Burger en Geborgde Zetels Ongebouwd en Geborgde Zetels Bedrijven.