Van der Hoek en Van der Galiën komme yn deistich bestjoer Wetterskip Fryslân

Ald-Twadde Keamerlid Annet van der Hoek fan de PvdA wurdt deistich bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân. Se komt út namme fan Geborgde zetels Bedrijven yn it deistich bestjoer te sitten. Ald-steatelid Otto van der Galiën (eks-ChristenUnie/SGP en eks-PVV) docht dat út namme fan Lagere Lasten Burger.
Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net © Omrop Fryslân
It deistich bestjoer wurdt oanfolle mei de bekende nammen Bé de Winter (út namme fan CDA en ChristenUnie) en Jan van Weperen (út namme fan Geborgde zetels Ongebouwd en VVD).

Ynstallaasje

De ynstallaasje fan it nije deistige bestjoer sil takom wike tiisdeitejûn plak fine. Dan sil ek it koälysje-akkoart yn de gearkomste fan it algemien bestjoer besprutsen wurde.
De koälysjefoarming is nei de ferkiezingen yn maart net sûnder problemen ferrûn. Water Natuurlijk, PvdA en FNP beneamden op eigen manneboet in ynformateur, wylst se net de grutste partijen wiene. De oare partijen ha harren no bûtenspul setten.